Oersettingen yn it FLMD

© Omrop Fryslân
Frjemd wurdt eigen is de nije útstalling fan it Fryske Letterkundich Museum yn Ljouwert. Yn it ramt fan it Europeesk Jier fan de Talen giet de eksposysje oer oersettingen yn en út it Frysk.
Der is spesjaal omtinken foar it projekt Bitterswiet. Mei Omrop Fryslân wol it FLMD safolle mooglik fertalingen fan dit fers fan Tiny Mulder sjen te krijen. De útstalling is fan 18-5 oant en mei 31-8.