Cambuur yn neikompetysje

© Omrop Fryslân
Cambuur hat sneon út tsjin Dordrecht'90 mei 2-1 wûn. Nei rêst skoarde Bruin twa kear foar de Ljouwerters sadat de ploech de fjirde perioadetitel pakte. Cambuur hat him mei de winst fersekere fan dielname oan de neikompetysje.
FC Zwolle, Excelsior, Volendam dogge ek mei oan de neikompetysje. Dêr komme noch twa klubs by. Yn de kompetysje steane noch twa wedstriden op it programma.