Brân yn pleats Aldtsjerk
Der hat freedtemiddei brân west yn in pleats oan de Van Sminiawei yn Aldtsjerk. It reiddak fan de pleats is troch noch ûnbekende oarsaak yn 'e brân flein. De pleats is dêrtroch foar it grutste part ferlern gien.
Yn de pleats siet gjin boerebedriuw mear, mar in bedriuwke yn fiedingssuppleminten. De brânwacht hat it fjoer ûnder kontrôle krigen.