Moard Portugal bliuwt ûndúdlik

© Omrop Fryslân
De Portugeeske plysje ferwachtet gjin oplossing op koarte termyn yn 'e saak fan it fermoarde echtpear út Menaam. De man en de frou binne fûn troch in tal ymkers. Harren kemper wie fuort, mooglik is it de dieder om de auto te dwaan.
Famyljeleden binne ûnderweis nei Portugal foar de offisjele identifikaasje. De plysje hat om foto's frege fan 'e slachtoffers en harren kemper.