Menamer echtpear fermoarde

09 maaie 2001 - 00:00

Yn it suden fan Portugal is dit wykein in echtpear út Menaam om it libben brocht. It giet om it echtpear Hoekstra, 54 en 52 jier âld. Se wiene mei de camper op fakânsje yn Portugal. It echtpear is snein dea oantroffen yn de bergen.

De Friezen binne neffens de plysje fan Faro deasketten op in noch ûnbekende oare lokaasje. De Portugese plysje wurket mei man en macht oan de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)