Fryske berneopfang rint achter

09 maaie 2001 - 00:00

Fryslân rint flink achter as it giet om berneopfang. Dat seit it Netwerkburo Kinderopvang. Benammen foar bern yn de âldens fan 4 oant 12 jier is de opfang fier ûnder de maat fergelike mei de rest fan it lân. Der is mar plak foar 3 op de 100 bern.

Probleem is dat der gjin sicht is op de fraach. Gemeenten wurkje ek net altyd mei by de realisaasje fan opfangplakken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)