Staking yn operaasjekeamers

© Omrop Fryslân
Yn de operaasjekeamers fan de sikehuzen yn Noard-Nederlân is woansdei staakt. Yn Fryslân leinen wurknimmers yn Drachten, Snits en Ljouwert it wurk del. In grut tal operaasjes dat foar woansdei pland wie, gie dêrom net troch.
Ynset fan de stakings is de nije CAO by de sikehuzen. De fakbûnen binne net tefreden oer it salaris dat de wurkjouwers oant no ta bean hawwe.