Noorderlicht: Frysk bliuwt wol

© Omrop Fryslân
Alle twa wiken stjert der in taal út, mar it Frysk handhavenet him goed. Dat seit taalsosjolooch Durk Gorter yn de VPRO-dokumintêre Verloren taal, dy't moandei útstjoerd wurdt op Nederlân 3.
"Je kinne in taal behâlde yn in omjouwing mei in oare dominante taal", mient Gorter. Mar yn 'The World Language System' fan professor Abram de Swaan is it Frysk mar in 'fjirderangs' taal.