Iepen dei yn nije Ljouwerter wyk
Sneon wie der in iepen dei yn de nije Ljouwerter wyk Zuiderburen. Der is in soad interesse foar wenningen yn dizze wyk, sa die sneon bliken, mar der binne twifels oer de heechspanningskabels.
Minsken wiene entûsjast oer de opset en de wenningtypes, mar setten fraachtekens by de ynfloed fan de heechspanningskabels dy't dwers troch de wyk rinne.