Koart plysjenijs

© Omrop Fryslân
Oan it Papeleantsje yn Warkum is snein in wenpleats folslein ôfbaarnd. De 67jierrige bewenner hie de houtkachel oanstutsen, mar hie net yn de gaten dat der fjoer ûntstien wie yn de skoarstien. Der is net ien ferwûne rekke.
In 3-jierrich jonkje út Frentsjer is juster ferwûne rekke by in auto-ûngelok yn Aldskoat. Hy siet by syn mem yn de auto, dy't boppe op in oare auto ried.