Nij topstik foar Frysk Museum

07 maaie 2001 - 00:00

It Frysk Museum hat der in topstik by. It giet om in sulveren chatelaine, in soarte fan sulveren riem mei dêroan lytse gebrûksfoarwerpen. It is de ienige noch komplete âld-Fryske chatelaine.

It museum hat de chatelaine krigen fan frou De Jager fan Kollum. Har famylje hie him al 300 jier yn besit. By in iepenbiere ferkeap hie it museum it stik net betelje kind.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)