Frysk=Deens, seit it Finanzamt

© Omrop Fryslân
Je hearre wol faker dat it Frysk en it Deensk op inoar lykje. Yn Dútslân kin de belestingtsjinst de talen net útinoar. De Noardfryske Foriining foar Nasjonale Friiske krige ferline wike de belestingoanjefte werom fan it Finanzamt, omdat de tsjinst 'kein Friesisch' lêze kin.
De Foriining hie de oanjefte lykwols net yn it Frysk, mar yn it Deensk skreaun, in erkende taal yn Noard-Dútslân.