Keukenpersoniel MCL staakt

07 maaie 2001 - 00:00

Yn sikehûs MCL te Ljouwert is moandei in lanlike estafettestaking út ein set. Keukenpersoniel hat it wurk dellein. De pasjinten krije lunchpakketten fan in cateraar. It MCL betsjinnet ek pasjinten yn Harns en ferpleechtehûzen. Mei-inoar 1700 minsken krije inkeld bôle.

De ûnderhannelings oer de nije CAO kealje swier. De sikehûzen hawwe de eask fan in 38 oerige wurkwike al falle litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)