Drachten wint fan koprinner Urk

© Omrop Fryslân
Drachtster Boys spilen sneon in poerbêste wedstriid tsjin koprinner Urk. De Friezen wûnen de match mei 3-1. Dicky Veenstra, Jan Oppedyk en Klaas-Johan Knevelman skoarden foar Drachten.
Drachten stiet no op it fiifde plak yn 'e haadklasse C. Der is noch ien wedstriid te gean foar de ein fan it seizoen. Drachten makket dêrby noch kâns op bekerfuotbal.