Nij monumint Kazemattemuseum

05 maaie 2001 - 00:00

It Kazemattemuseum yn Koarnwertersân iepene sneon foar it earst dit seizoen de doarren. Dat barde mei de ûntbleating fan in bysûnder tinkteken: it sturtstik fan in Ingelsk gefjochtsfleantúch dat yn 1944 delstoarte yn 'e Iselmar.

De crash koste it libben oan fjouwer bemanningsleden. By de seremoanje fan sneon wie neiteam fan harren oanwêzich. It fleantúch is pas yn 1977 fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)