Wiegel beskermhear fan sikefûns

05 maaie 2001 - 00:00

It âldste sikefûns fan Nederlân, it Gild yn Grou, bestiet 225 jier. Dat waard sneon fierd mei de ynstallaasje fan âld-kommissaris Hans Wiegel as beskermhear.

Yn 'e jierren sechstich ferlear It Gild de funksje fan 'echt sikefûns' troch de opkomst fan de kommersjele sikefûnsen. No is it mear in geselligensferiening. It Gild telt 221 leden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)