Deadebetinking yn de provinsje

© Omrop Fryslân
Freedtemiddei om 12.00 oere hat boargemaster Van Maaren fan Ljouwert in krâns lein op it Noarderbegraafplak yn Ljouwert. Om 18.45 oere is der in stille tocht fanôf it Saailân.
Yn Koarnwertersân is om 18.00 oere de betinking by it monumint foar de fallen striders. Fierder binne der betinkings yn plakken as Snits, Makkum, Easterein, Surhústerfean en de wyk Huzum, Ljouwert.