Fernielingen yn tún

03 maaie 2001 - 00:00

Twa manlju ha yn de nacht fan woansdei op tongersdei in tún yn Surhústerfean fernield. De buorman waard wekker fan lûden. Doe't er de mannen dwaande seach en der wat fan sei, naaiden se út.

Mei de eigner fan de tún hat er de skea opnommen. Yn de earst sa kreaze tún wienen djippe kûlen groeven. Planten wienen út de grûn lutsen en stiennen iepenbrutsen. It is ûndúdlik wêrom't it dien is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)