Dream is oer foar Heerenveen

03 maaie 2001 - 00:00

Europeesk fuotbal is foar SC Heerenveen nei it ferlies mei 1-2 fan woansdei net mear weilein. Nei't de ploech fan Foppe de Haan alve wedstriden achter elkoar wûn, slagge dat yn in útferkocht Abe Lenstra Stadion tsjin FC Utrecht net.

Gluscevic makke it earste doelpunt foar de Utrechtenaren. Nurmela skoarde yn de 23e minút de lykmakker. Nei rêst koe Tanghe nochris by keeper Hans Vonk del.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)