Feest foar bernebuorkerij
Woansdei wie it in ekstra moaie dei foar bernebuorkerij De Naturij yn Drachten. Net allinnich wie it moai waar, ek mocht de buorkerij nei acht wike wer iepen.
De sluting, fanwege de tongblier, hat it park in soad besikers koste. De kij, de skiep en de geiten bliuwe earst noch yn it hok, mar oare bisten binne tenei wer te sjen en, fansels, te aaien.