Kollumer gemeentehûs djoerder

02 maaie 2001 - 00:00

De nijbou fan it Kollumer gemeentehûs falt wer djoerder út as ferwachte. It projekt waard rûsd op 18 miljoen, mar de ûndernimmingsrie hat noch ekstra winsken yntsjinne. It earste plan foar nijbou, fiif jier lyn, koste 7 miljoen.

De gemeenterie beslút tongersdei oer de plannen. De FNP hat oankundige mear te sjen yn oanpassing fan it notiidske gebou. Dat soe de helte goedkeaper wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)