Reawaruw yn Ljouwert oanhâlden
De Molukse aktivist Reawaruw is woansdei yn Ljouwert oanhâlden. Hy is de lieder fan de aksjegroep People Against Genocide en wurdfierder fan de militante organisaasje Maluku Warchild.
It Iepenbier Ministearje yn Arnhem fertinkt Reawaruw fan it oansetten ta brânstifting en it liedingjaan oan in kriminele organisaasje. Reawaruw wurdt wierskynlik freed foarlaat.