Strjitterôf yn Ljouwert

02 maaie 2001 - 00:00

In 80-jierrige man út Ljouwert is woansdeitemoarn betiid fan syn beurs berôve. Hy rûn op it brechje op 'e Tunen mei syn rollator. In fytser frege him oft er fjoer hie. Dêrnei pakte er it slachtoffer beet en smiet him op de grûn.

Mei it mes op 'e kiel socht er de bûsen fan de man ôf. Hy fûn de beurs mei dêryn in lyts bedrach. Fan it sinjalemint fan de dieder is net folle bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)