Brân yn Vijverstraat Ljouwert

01 maaie 2001 - 00:00

Tiisdeitemoarn is by in brân yn de Vijverstraat yn Ljouwert in persoan ferwûne rekke oan syn gesicht. De identiteit fan dizze persoan is noch net bekend.

De brân ûntstie troch in lek yn in gaslieding yn de strjitte. Graafwurksumheden fan de KPN ha it lek feroarsake. De brânwacht hat de brân blust en de ferwûne persoan is nei it MCL oerbrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)