Boargemaster teset mei taksys
Boargemaster Verhoeven fan It Amelân praat woansdei mei ien fan de twa Amelanner taksybedriuwen. It petear is de earste stap om it skeel tusken de twa bedriuwen de wrâld út te helpen.
It besteande bedriuw Cositaks fynt dat nijkommer Ameland-taxi de fergunnings net goed regele hat. Minsken fan Ameland-taxi sizze bedriigd en yntimidearre te wurden.