Gjin feest yn tongbliergebiet
De doarpen yn de tafersjochgebieten mochten moandei gjin grutte feesten organisearje. De Westereiner Uitmarkt koe net trochgean en dat betsjutte in grutte teloarstelling foar de belutsenen.
De Uitmarkt dy't meast in 30.000 minsken lûkt, gie ferline jier ek al net troch. Dat yn ferbân mei de moard op Marianne Vaatstra, doe in jier ferlyn.