Fee mei wer yn it lân

28 apr 2001 - 00:00

Dit wykein meie kij en skiep wer yn it lân rinne. Dit hat it ministearje fan Lânbou bekind makke. De troffen tongbliergebieten Ie en Eanjum meie ek wer besite krije fan de bûtenwrâld. Mar wol ûnder strange betingsten. Sa is kontakt mei fee noch hieltyd ferbean.

Ek it ferfier fan slachtfee wurdt fersoepele. De strange tongbliermaatregels wurde stadichoan wer ôfboud.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)