Priis foar website provinsje

27 apr 2001 - 00:00

De website fan 'e provinsje Fryslân hat in priis wûn. Webmaster Jack de Vries sil meikoarten de Usability Award 2001 yn ûntfangst nimme. www.fryslan.nl is neffens de sjuery better as de sites fa nAmsterdam, Eindhoven en ICT-stêd Grins.

De provinsje is wiis mar ek ferrast oer de priis. De provinsje wol de website meikoarten folslein fernije om sa mear en ek jongere doelgroepen te berikken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)