Gemeente net wiis mei berjochten

27 apr 2001 - 00:00

De gemeenterie fan Menameradiel fynt dat de gemeente te negatyf yn it nijs komt. De rie is net bliid mei berjochten oer it ûndersyksrapport nei it funksjonearjen fan de gemeentlike organisaasje.

Yn it rapport, dat útlekte, steane fiergeande konklúzjes oer de minne kommunikaasje op it gemeentehûs. Neffens de FNP wurdt de ynset fan it personiel gjin rjocht dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)