Strop foar Aquaverium Grou

© Omrop Fryslân
De iepening fan it nije wettersportgebou Aquaverium yn Grou is op haren en snaren ôfsein. De brânwacht hat it bouwurk oan 'e A32 ôfkard. Freed soe it offisjeel yn gebrûk nommen wurde.
It markante gebou oan 'e 4-baansdyk moat in echte publykslûker wurde. Der is in permaninte boateshow te sjen. Nei oanpassing oan 'e needsaaklike easken is de iepening no op 11 maaie fêststeld.