Provinsje wol jild foar Thialf

© Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân wol dat it Ryk mear betellet oan de grutte plannen fan iisstadion Thialf op It Hearrenfean. It Ryk hat in bydrage tasein fan 5 ton, wylst de provinsje foar dit ynternasjonale stadion it dûbele jout.
De plannen fan Thialf betsjutte in útwreiding fan 70 prosint fan de iiskapasiteit en in unike ynnovaasjetechnyk foar it meitsjen fan snel iis.