Undersyk nei Cor Boonstra

© Omrop Fryslân
It Iepenbier Ministearje stelt in strafrjochterlik ûndersyk yn nei de oandielhannel fan Cor Boonstra, presidint fan Philips.
De âld-Ljouwerter hat foarich jier flink fertsjinne oan de hannel yn Endemol-oandielen. De Stichting Toezicht Effectenverkeer hat oanjefte dien, om't Boonstra faaks hannele hat mei foarkennis. Syn freondinne is kommissaris fan Endemol.