Gjin ferfanging foar Oosterhof

© Omrop Fryslân
Boarnsterhim kriget gjin nije wethâlder as ferfanging foar de opstapte Oosterhof (VVD). Oant de riedsferkiezings takom jier foarmje Bouma (PvdA) en Bijlsma (FNP) in minderheidskolleezje.
Ien en oar waard tiisdei dúdlik op 'e gemeenteriedsgearkomste. D66 en CDA binne it net iens mei it beslút. It CDA woe wol in wethâlder leverje, mar dat is ôfketst troch de PvdA.