AID docht ûndersyk by hobbyboer

22 apr 2001 - 00:00

De Algemene Inspectie Dienst hat sneontejûn groeven op it hiem fan in hobbyboer yn Ie. De man wennet yn de ôfsletten tongbliersône fan 2 kilometer en hie syn fee net oanmeld.

De AID kaam dêr by tafal achter en ûntduts by it romjen wat nuvere saken. It bliek dat op it hiem koartlyn bisten begroeven binne. Ek fûn de AID âldere kadavers en in ferwaarloasd hynder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)