Lange kontrakten reedriders

© Omrop Fryslân
Reedrydtalinten út it gewest Fryslân moatte tenei in kontrakt foar tsien jier tekenje. It kontraktsysteem is opsetten om transferjild barre te kinnen as in rider nei in kommersjele ploech giet.
Per seleksjelid is it gewest tusken de fiif- en tsientûzen gûne yn it jier kwyt oan opliedingskosten. "Dat wolle we weromfertsjinje as in reedrider fuortgiet," seit Brouwer fan it gewest.