DIO wint wichtich duel

© Omrop Fryslân
De foljebalsters fan DIO Oosterwolde ha sneon har ferbliuw yn de earste divyzje noch ferlengd. Yn in spannend duel wûnen de froulju mei 3-2 fan Dros/Alterno.
Troch de winst spylje de froulju fan coach Haanstra in beslissingswedstriid tsjin Abcoude. De winner dêrfan bliuwt yn de earste divyzje, foar de ferliezer folget noch in degradaasjewedstriid.