Westbroek op kampanje op Amelân

© Omrop Fryslân
Henk Westbroek, foaroanman fan Leefbaar Utrecht en Leefbaar Nederland, hat freed in besite brocht oan It Amelân. Hy wie útnoege troch Ameland '82.
Ameland '82 hope fan Westbroek wat ynsjoch te krijen yn it súksesfol meitsjen fan in lokale partij. De Utrechter politikus, sjonger en dj spruts foar sa'n 50 man. Ameland '82 wurdt earst noch gjin Leefbaar Ameland.