GGZ: lange wachtlisten

19 apr 2001 - 00:00

De wachtlisten yn 'e geastlike sûnenssoarch binne lang. Rûchwei 1000 Friezen hawwe psychyske help oanfrege en krije dy net. Benammen foar jongerein knypt de situaasje. Guons moatte mear as in jier wachtsje op terapy.

De GGZ hat de alarmearjende situaasje sels nei bûten ta brocht. Reden foar de lange wachttiden is de krapte oan personiel. Dat sil foarearst sa bliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)