Bommelding by Rendac

19 apr 2001 - 00:00

Destruksjebedriuw Rendac yn Sumar hat de feilichheidsmaatregels oanskerpe nei in tillefoanyske bedriging. Dy kaam ferline wike binnen by Rendac en ek by wykblêd Aktief yn Burgum.

Yn ien fan de frachtweinen soe in bom sitte. De plysje sjocht lykwols gjin reden foar grut alarm. It terrein wurdt altyd al 24 oeren bewekke en de bewakers sille no ekstra goed oplette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)