Wol draverijen yn Wolvegea

19 apr 2001 - 00:00

De draverijen yn Wolvegea meie sneon wol trochgean. De plysje set ekstra personiel yn om de iepenbiere oarder te garandearjen. Ferline wike jilde in ferbod op de draverijen om't der te min plysje beskikber wie.

De NLTO hat advisearre de draverijen foarearst út te stellen. Neffens boargemaster Heite fan Weststellingwerf is der gjin reden om de koersen te ferbieden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)