'Keninginne giet wol nei Drinte'

© Omrop Fryslân
De fiering fan Keninginnedei mei de keninklike famylje yn Meppel en Hoogeveen giet, sa't de saken no stean, gewoan troch. Dat seit de provinsje Drinte. De NLTO en it CDA hawwe de Keninginne ferline wike frege om net te kommen, fanwege it risiko op tongblierbesmetting.
De provinsje Drinte stiet no op it stânpunt dat it feest trochgean kin salang der gjin tongblier is yn Drinte.