Brêge moat ferkear nei Ie keare

© Omrop Fryslân
De brêge oer it Dokkumer Grutdjip tusken Ie en Kollumerlân stiet omheech. De gemeente wol sa it ferkear opkeare. As bliken docht dat op it twadde bedriuw yn Ie ek tongblier is, moat it gebiet yn it noardwesten fan Kollumerlân romme wurde.
Bewenners fan de Beintemawei, de Weerdebuorsterwei en de Wâlddyk hoege net mear om te riden om de auto te ûntsmetten. Der is no in mobile ûntsmettingstsjinst.