Gjin autofrije snein, mar sneon

18 apr 2001 - 00:00

Ljouwert krijt dochs in autofrije dei. Wethâlder Hafkamp woe dat automobilisten har wein op in snein stean litte soenen. De mearderheid fan de politike partijen wie it net mei har iens. Se sil no sjen oft in autoleaze sneon mooglik is.

Snein soe gaadliker wêze om eveneminten te hâlden fûn Hafkamp. Mar mei dat argumint soene eveminten belangriker wêze as de autoleaze dei, sa wie de krityk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)