Grien ljocht foar Bullepolder

18 apr 2001 - 00:00

De wenningbou yn de Bullepolder yn Ljouwert giet troch. De kommisje stedsûntwikkeling hat dat besluten. In mearderheid spruts it fertrouwen út yn in kwaliteitsplan foar de bou fan 400 hûzen.

De protesten fan Doarpsbelang Lekkum, Snakkerbuorren en Miedum makken gjin yndruk op de kommisje. Neffens de foarsitter is de wyk inkeld foar rike lju en is de opset net boartlik en romtlik genôch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)