Measte Friezen foar sweeftrein

© Omrop Fryslân
Twa-tredde fan 'e Friezen is foar in snelle treinferbining tusken it noarden en de Rânestêd. Dat docht bliken út in enkête fan de 3 noardelike regionale omroppen. Ek fan de Grinzers en Drinten is in mearderheid foar de sweeftrein.
60% fan 'e Friezen fynt it goed dat de provinsje meibetellet oan de oanlis fan 'e sweeftrein. 48% fan 'e Friezen is fan doel om gebrûk te meitsjen fan 'e trein.