Gearwurking musea Súdeasthoeke
De musea op It Hearrenfean, De Gordyk en yn Nijbeets sille gearwurkje. It giet de musea der om de sosjale skiednis fan de Súdeasthoeke fan Fryslân sjen te litten.
De musea dêr't it om giet binne it Ferdinand Domela Nieuwenhuis Museum op It Hearrenfean, Streekmuseum Opsterlân op 'e Gordyk en it Damshûs yn Nijbeets.