Tongblierskea yn kaart

© Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân wol dat in spesjale 'taskforce' dizze wike begjint mei in ynventarisaasje fan de ekonomyske gefolgen fan de tongblierkrisis. Dat sei Kommissaris Nijpels Peaskemoandei.
De projektgroep sil net inkeld de skea fan de boeren ûndersykje, mar ek dy fan bedriuwen dy't fan 'e lânbou ôfhinklik binne en it toerisme. Provinsje, ryk en gemeenten sille nau gearwurkje.