Farferbod part Dokkumer Grutdjip

14 apr 2001 - 00:00

Foar alle skipfeart jildt fan sneon ôf in farferbod op it Dokkumer Grutdjip. It giet om in stik fan sân kilometer tusken de Woudpoortbrêge yn Dokkum en de brêge by Ingwierrum.

De provinsje hat it ferbod ynsteld yn ferbân mei útwreiding yn súdlike rjochting fan de 2-kilometersône om Ie hinne. Alternative rûtes binne fia de Waadsee of troch de Loréslûs nei de Burgumermar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)