Tsjinsten yn teken fan tongblier
In protte tsjerketsjinsten yn Fryslân stienen op Goed Freed yn it teken fan de tongblier. It wienen net de boeren sels, mar foaral leauwigen dy't kunde en famylje yn it troffen gebiet hawwe, dy't nei de tsjinsten kamen.
Om it risiko op fersprieding te beheinen, moasten alle tsjerkegongers earst troch de ûntsmettingsbak.