Nije gefallen net dúdlik

© Omrop Fryslân
Der binne freed twa swier fertochte gefallen fan tongblier yn de gemeente Dongeradiel bykommen. It giet om twa bedriuwen binnen de twa kilometersônes; ien nij gefal by Ie en ien by Eanjum.
De autoriteiten ha ûnderwilens besletten om de ôfsettings yn it gebiet op te skowen yn de rjchting fan Dokkum. De offisjele útslach dy't sneon ferwachte waard is noch net by de gemeente bekend.